Aaltsje Ensing-Wagenaar
Alhiel ûnferwachte kaam it berjocht fan it ferstjerren fan ús Earelid Aaltsje Ensing-Wagenaar. Doe ‘t Aaltsje yn Aldegea kaam te wenjen, rekke se fuortendaliks belutsen by kuorbalferiening KV Quick’21. Dit kaam fansels ek troch har man, Andries Ensing. Aaltsje hat har altyd foar de klup ynsetten: as spiler, foarsitter, sekretaris en ek binnen in protte kommisjes. Se wie û.o. ien fan de driuwende krêften efter de rommelmerk en de Quicker. Mar se trainde ek jierren oanien de pupillen en welpen. Tegearre mei Doete Veenstra, helle se de bern út skoalle wei om dan nei it sportfjild te gean. Ek har…